Stil Jild door Hette Uilkema

Beoordeling 3.8
Foto van een scholier
Boekcover Stil Jild
Shadow
  • Boekverslag door een scholier
  • 5e klas havo | 1378 woorden
  • 1 februari 2004
  • 13 keer beoordeeld
Cijfer 3.8
13 keer beoordeeld

Boek
Auteur
Hette Uilkema
Genre
Streekroman
Taal
Fries
Vak
Eerste uitgave
1997
Oorspronkelijke taal
Nederlands

Boekcover Stil Jild
Shadow
Stil Jild door Hette Uilkema
Shadow
ADVERTENTIE
Hulp nodig bij je toetsweek?

Met ToetsMij oefen je per hoofdstuk voor al je vakken, precies op het niveau van je toets. Zo weet je precies wat je kunt verwachten en met de uitleg bij de antwoorden kun je lastige dingen beter begrijpen. Zo zijn er geen verrassingen meer op de toets en haal je hogere cijfers!

Probeer nu 7 dagen gratis!

1. Jan Smeding is nei oannommen by it bedriuw B.V. Immervoort. De akkountant Been soe him ynwurkje, mar is wat letter. Hy hat earst de boekhâlding dien, doe’t de offisjele boekhâlder opholden wie. Klaas de Jong is leanadministrator en Anny Tiemens docht wat lytse dingen. Schut, direkteur, is hiel koart om’e hoeke en wol net folle sizze. Oft Been Jan it wat útlein hat moat er ynienen fuort. Jan wol it dochs leaver sels útsykje.

2. Hy krijt de geut al wat te pakken. Dan komt der op in dei in grouwe man op ’t kantoar. Gerrit Everts. Dizze man praat foar twa, hy is famylje fan Schut en docht suver neat, mar krijt in bêst lean. Hy hat ek al ris wat minsken bedondere. Wêrûnder de foarige boekhâlder, Douwes. Jan fynt flaters yn de boekhâlding, der is jild wei. Jan hat earst as akkountant wurke en him snel opwurke yn in bedriuw. Hy wie goed yn syn fak. Op’t lêst hie er syn nocht en gie wurkjen as boekhâlder by in krante.

3. Der giet ek swart jild om yn it bedriuw. It bedriuw hat spesjale kroaden, balânskroaden. Se haw in patint hjirfoar fan in fabryk yn Switserlân. Schut hat dit betocht en se ha dus allinnich it rjocht om dizzen te meitsjen. Jan krijt wat mear behear oer de boekhâlding. Jan mei nea wer mei Everts prate. Jan wol it kantoar oprêde, Klaas, Aly en Anny wolle him graach helpe. Aly docht de debiteuren.

4. Hy hie it hiel maklik by de krante. Ferfelend en hy woe wat oars. Hy kaam by in wegeboubedriuw. Dit bedriuw wie hast fallyt en nei wat komplikaasjes mei de baas is er der útstapt. It bedriuw wol ferbouwe en Everts bellet Jan om him yn te ljochtsjen. Jan wegere dit. Oft Everts dan ris op it bedriuw komt stjoert er him fuort mei help fan Aly. Jan sjocht dat Sevenster, haad kalkulaasje-ôfdieling flaters makket en krijt rûzje him. Schut seit dat hy alles wol yn de gaten hâld en de minsken soms stjoerd oft it moat.

5. De nije fabryk is klear. Jan docht no de hiele boekhâlding. Schut hat mei dy kroaden yn Switserlân al in hiel soad swart jild opboud. Njoggen miljoen gûne. Hâns Fontein en Been hawwe de lieding deroer. Jan moat it oernimme, want se wurde te âld. Dit alles giet bûten de belesting om. It stiet op de namme Semperavanti (Iteliaansk foar Immervoort). Ek Gerrit wit dit net.

6. Hy stekt in soad tiid yn Semperavanti. Se kinne it gewoane work mei har fjouweren krekt oan. Jan sjocht wol wat yn Aly. Yn it magazyn reitsje dingen wei, om hurde bewizen te sykjen kostet tiid. Been hat swart jild fan in bank yn Lúksemburch helle en útnaaid. Jan giet nei Lúksemburch om in oersjoch fan wa’t der wat ôfhelle hat en hoefolle. Dn sjocht er Been en hat in koart petear mei him. Hy wol net berikt wurde. Hy hie skulden mei de hynstesport.

7. Been hie yn’e rin fan’e jierren f 300.000,- fan de rekken helle. Hy nimt wer kontakt op en se prate ris ôf. Hy hat noch skuld by hynstemannen. En hy moat it werom betelje oan Schut. Hâns Fontein wol him net wer yn tsjinst haw. Hy moat in oare baan sykje. Hy sil der finansjeel efterút op gean. Jan soarget foar alles en hat tekene skuldbekentenissen en alles dat er it werombetellet. Jan is grutsk op dizze oerwinning dat er Been safier krigen hat.

8. Jan is goede freon mei Henk Bosma, mooglike opfolger fan Schut. Been hat wurk as boekhâlder yn it sikehûs krigen. Albert Mulder, baas oer it magazyn, haw se ferteld wat der bard is en se sille sjen wêr’t er hinne kin. Twa mannen haw stellen, dizzen krije fourt dien.

9. Jan en Aly krije wat mei-inoar. Henk wurdt bedriuwslieder. Klaas hat mei Douwes praten. Douwes woe witte hoefaak Jan nei it bûtenlân gie. Everts wit wat fan Semperavanti en wol der mear fan witte fia Been en Douwes.

10. Se ha it ferteld oan oaren dat se trouwe sille. Aly moat wol in oare baan ha. Mulder hat no ek frege oft hy faak nei it bûtenlân giet. Everts hie him ek al ris op it fleanfjild sjoen. Mulder moast mar tsjin Everts sizze dat hy nei Spanje moast foar in klant. Schut fynt it net moai dat Everts it wit, mar hy hie ris sien dat Everts it foarsichtich oan witte moast dat hy in soad sinten misrint. Dat is no sa.

11. Jan en Aly haw in eigen hûs kocht, se ha in liening by Schut ôfslute moatten. Jan moast Arjen wat fan jildsaken bybringe. Hy is mear technysk ynsteld, mar begrypt de saak better oft Jan it útleit as op de H.T.S. Schut is stoarn oan in hertoanfal, nei er in bakje tee hân hat by de famylje Smeding.

12. Jan kin no frij oer it jild beskikke. Hy set de sinten no wer oer sadat je der wat mei kinne. Hy moat no wol wer ris fuort, mar dit leit net maklik. Hy moat ferlechjes betinke. Henk hat earst de lieding. Frou Schut moat in nije direkteur beneame.

13. Doe’t Aly en Jan nei Switserlân wiene hat Douwes yn syn hús sneupt foar dy papieren foar Everts. Freark (Klaas syn broer) hat it slot iepenmakke. Freark hat dit alles oan Klaas ferteld. Harry wurdt direkteur. De measten binne it der net mei iens. Henk hat hjirtroch in soad heibel mei syn frou. Dizze woe sa graach Henk op dy posysje ha. Douwes hie noch skuld by Schut, Schut hat jim it kwytskolden. Jan wol it jild haw. Hy docht no alle jildsaken.

14. Se rinne út it wurk en Harry is gjin hannelsman. Op in stêfgearkomste wie Henk wat bretaal. Harry giet derút. Pyt, Jan en Henk besykje om noch in klant binnen te heljen. It slagget. Dy jûns komt Harry by Jan. By de beneaming hat Harry Henk noch wol ferdedige, mar trochdat Aukje mei Diny Schut rûzje hân hat woe se Harry dêr ha. Arjen moat him wer opfolgje. Henk soe Arjen dan ek wer dwerssitte. It is it bêste dat Henk oar wurk siket. Hy wol dat net.

15. Aly is yn ferwachting. Henk hat in baan as ûnderdirekteur fûn by Tegenaan, de grutte konkurint. Harry hat in kommersjeel mantsje oannommen. Jan hat hast al it jild op gewoane rekkens. Der wurdt oer it erfskip praat en Fontein is derby as fertrouwensman. Oft hy oer it stille jild begjint dan moat Jan it fuort oerdrage. Hy sjocht hjir wat tsjinoan om it sels te dwaan. Frou Schut kin lestige fragen stelle. Se lizze inoar net.

16. Henk soe it der net lang úthâlde oft er net wist dat syn baas hast mei de fut gie. Oft Jan wer fuort is krijt Aly in famke, Ettsje. Om’t Jan der net by is beslút hy om sinten foar himsels te hâlden sadat Aly net hoecht te wurkjen. Fontein wol leaver it fermogen ek net oan frou Schut jaan.

17. It giet mei alles goed. Tegenaan hat de 25% oandielen yn Immervoort fan Everts kocht. Hy woe ek dat fan Schut haw. Diny Schut woe dit net ferkeapje. Arjen en syn freondinne wolle nei Afrika te helpen. Mei Henk en Aukje giet it net sa goed. Hy is wol direkteur. Jan en hy meitsje in oersjoch hoe’t it wêze soe oft de beide bedriuwen by elkoar kamen. Posityf byld. Arjen hat de oandielen ferkocht oan B.V. Konstruktiebeheer.

18. Fan de sinten hat Jan in stifting oprjochte. Dy stifting hat B.V. Konstruktiebeheer oprjochten. Aly en Jan en in Dútske advokaat binne hjir baas fan. Dit hat Tegenaan ek kocht. Twa bedriuwen binne no ien. Henk wurdt direkteur, Aukje is by him wei. ‘Do hiest tsien miljoen gûne dêr’st mei dwaan koest wêr’st sin oan hiest. Wat dochst hjir noch? Der wie net in sterveling dy’t it wist.’ - ‘Aly wist it.’

REACTIES

Log in om een reactie te plaatsen of maak een profiel aan.